Ko mei BSE yn Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
By in ko op in bedriuw ûnder Akkrum yn Boarnsterhim is BSE ûntdutsen. It giet om it 60ste gefal yn Nederlân. De ko fan 5 jier âld waard al op 1 maaie troch de boer ôfmeld foar destruksje. Nei in flugge test die dêr bliken dat de ko BSE hie. Tongersdei hat in oare test soks definityf befestige.
Op it bedriuw by Akkrum binne 114 kij. Dêr binne allinnich de risikobisten fan ôfmakke. Der wurdt noch in ûndersyk dien nei it feefoer.