Dongeradiel moat besunigje

16 maaie 2003 - 00:00

De ried fan Dongeradiel moat de kommende tiid 1,2 miljoen euro besunigje om út de reade sifers te bliuwen. Dat skriuwt de gemeente yn de notysje 'De vette jaren zijn voorbij'.

As net besunige wurdt, sil der yn 2006 in tekoart wêze fan 250 tûzen euro. Boppedat leit der foar 750 tûzen euro oan plannen dêr't noch gjin dekking foar is. Takom wike bepraat de gemeenteried de te nimmen maatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)