Eksamens út ein set

15 maaie 2003 - 00:00

De eineksamens op 'e middelbere skoallen binne wer begûn. Tûzenen Fryske learlingen bûge harren oant 29 maaie oer allehanne ferskate opjeften. Tongersdei stiene fjouwer fakken op it program: de talen Frysk en Gryks en de fakken maatskippijlear en muzyk.

Ien fan 'e eksamenskoallen wie it Bogerman College yn Snits. Dêr fûnen se de harkframinten muzyk dreech. Foar de measten wiene de stikjes muzyk ek nochris te koart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)