Belangstelling bougrûn Bûtenpost

15 maaie 2003 - 00:00

Der is grutte belangstelling foar bouterreinen yn Achtkarspelen. De kavels dy't de gemeente de ôfrûne moanne oanbean hat, binne hast allegear útjûn. Benammen de stikken grûn yn Bûtenpost en op De Harkema binne populêr.

Yn it nije bestimmingsplan Mûnewyk yn Bûtenpost wiene 17 kavels beskikber. 66 minsken hiene dêr wol earen nei. Op de 7 kavels yn it Fûgelkamp op De Harkema kamen 53 minsken ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)