Untsnapte man pleecht oerfallen

15 maaie 2003 - 00:00

In ûntsnapte gefangene hat yn april tsien oerfallen pleegd yn Fryslân. Dat barde yn Ljouwert, Drachten, Burgum, Stiens en Sint Anne. De 36-jierrige man ûntsnapte op 23 maart út it Hûs fan bewar yn Grins.

Hy wie feroardiele ta fjouwer jier sel fanwege ferskate oerfallen yn Grins. By de oerfallen yn april naam de man mei inoar sa'n 10.000 euro mei. Dat gong op oan iten en drugs. Hy bedrige it winkelpersoniel mei in mes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)