Swiere slúsdoarren ferwidere

© Omrop Fryslân
Twa dagen tarieding wie der nedich om in pear doarren fan 19 ton út in slús te tillen. Dat barde woansdeitemoarn yn Dokkumer Nije Silen. De doarren binne mei pontons ferfierd nei Den Helder. Dêr krije se in grutte ûnderhâldsbeurt.
De doarren binne fan it saneamde 'waaiertype'. Mar trije sluzen yn Nederlân ha sokke doarren. Sûnt de bou fan it sluzekompleks yn 1968 binne de doarren noch nea fuorthelle. De doarren sille op 25 juny weromset wurde.