Snelheid Wâldwei fan 100 nei 80

14 maaie 2003 - 00:00

Op de drokste Fryske autodyk, de N31 tusken Drachten en Ljouwert, mei fan dizze hjerst ôf noch mar 80 km riden wurde. De beheining fan de maksimum snelheid fan 100 nei 80 km yn 'e oere is nedich fanwege wurksumheden oan de dyk. In oannimmer sil dan de ferdûbeling fan de Wâldwei tariede.

Sûnt twa wike mei der ek al net mear ynhelle wurde op de Wâldwei. Mei dat ferbod rint Rykswettersteat al foarút op dy wurksumheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)