'DvD' mei namme brûke

© Omrop Fryslân
It grandcafé Dikke van Dale hoecht de namme net te feroarjen. De útjouwer fan de wurdboeken fan Van Dale woe dat de útbater fan it Ljouwerter kafee dat die, om't it in registrearre merknamme is. Oaren meie dy net samar oernimme.
Beide partijen binne ta in oplossing kaam. De kafee-eigner betellet de útjouwer in pear tûzen euro jierliks om de namme te brûken. Dat is goedkeaper as in oare namme te nimmen, om't dan alles ferfongen wurde moat.