Nij doarpshûs Easterwierrum

14 maaie 2003 - 00:00

Doarpsbelang Easterwierrum hat 20.000 euro krigen foar de bou en de ynrjochting fan in nij doarpshûs. De stipe komt fan it Oranjefûns. It gebou fan de âld skoalle wurdt mei it jild ferboud.

De ynwenners fan it doarp kamen earder by elkoar op de boppeseal fan it kafee. Dat is in pear jier lyn ferkocht. De doarpsminsken ha doe jild by elkoar sammele foar in nij doarpshûs. De earste peal wurdt sneon slein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)