Minder ferlet fan berneopfang

14 maaie 2003 - 00:00

By de SKS, Stichting Kinderopvang Smallingerland moatte tolve minsken derút. En de berneopfanglokaasje Adverium wurdt sluten. Der moat besunige wurde om't der minder fraach is nei berneopfang yn Drachten.

Neffens de direkteur fan SKS is de ekonomyske malêze dêr de oarsaak fan. Hieltyd mear minsken krije dien en kinne berneopfang dan net mear betelje. Boppedat wurde de regelingen foar opfang yn CAO's hieltyd minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)