Atsma: 'tink om feilichheid'

14 maaie 2003 - 00:00

Klubs yn it amateurfuotbal moatte better sjen nei de feilichheidsrisiko's by wedstriden. By mooglike opskuor moatte, yn oerlis mei de boargemaster, maatregels nommen wurde. Dat seit Joop Atsma, Twadde-Keamerlid foar it CDA. Yn it slimste gefal, sa seit er, soe in klub gjin taskôgers meinimme meie.

Atsma stelt foar om by risikowedstriden net te spyljen op it eigen fjild, mar yn it stadion fan in betelle fuotbalklub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)