Grutte oarder kaugomdoaskes

13 maaie 2003 - 00:00

It Ljouwerter Papier Fabryk hat in miljoenekontrakt sletten mei kaugomfabrikant Leaf yn Snits. Leaf hat de festiging yn Amsterdam sletten en sil no mei hûndert wurknimmers fierder yn it eardere Kingfabryk yn Snits. It papierfabryk yn Ljouwert sil tenei ferpakkings leverje.

It kontrakt waard tiisdei op ludike wize bekrêftige mei in fytstocht. Meiwurkers brochten it earste kaugomdoaske fan Ljouwert nei Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)