Jeugdboat yn Dokkum útbaarnd

13 maaie 2003 - 00:00

Yn Dokkum is in wenark dy't brûkt wurdt troch jongerein útbaarnd. De boat lei njonken de Schreiersbrêge yn it Grutdjip. It fjoer ûntstie op it achterdek troch noch ûnbekende oarsaak. De technyske resjerzje ûndersiket de saak. In polyester boatsje gie ek by de brân ferlern.

Wethalder Appelhof fan Dongeradiel fynt it spitich dat it jeugdhonk ôfbaarnd is. Mar hy kin de jeugd net oan in nij ûnderkommen helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)