Frachtwein yn de sleat

© Omrop Fryslân
Oan de Rykswei by Koatstertille is moandeitemoarn in frachtwein yn de sleat rekke. De bestjoerder kaam yn de berm telâne, hie de frachtwein net mear ûnder kontrôle en kaam yn de sleat ta stilstân.
De bestjoerder rekke mei de skrik frij. In neistlizzende tún is troch it ûngelok fernield. In part fan de dyk hat in skoftke ôfset west. De frachtwein is mei in kraan út de sleat wei helle.