Storteboom op fallisemint ôf

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat it plomfeebedriuw Storteboom fallyt giet. Dat melde de bewâldfierders fan Storteboom. De wurknimmers fan it bedriuw sitte sûnt it útbrekken fan de fûgelpest thús.
Sûnt ferline wike sit it bedriuw yn surseânse fan betelling. Neffens de bewâldfierders is in trochstart sûnder in fallisemint net mooglik. Storteboom hat ûnder mear fêstigings yn Bakkefean en yn it Grinzer Kornhorn, krekt oer de grins mei Fryslân.