Golesterolmedisyn goedkeaper

12 maaie 2003 - 00:00

De Friesland Zorgverzekeraar fergoedet tenei allinnich noch it goedkeapste middel om it golesterol te ferleegjen. Dat is mooglik no't in genêsmiddelfabrikant oankundige hat dat it medisyn hast de helte goedkeaper wurdt.

De Friesland hat alle apotekers oanskreaun dat dy tenei it goedkeapste middel leverje moatte. De apotekers ha al tasein dat se dat dwaan sille. De fersekerden krije dizze wike berjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)