Harkemase Boys easkje feiligens

12 maaie 2003 - 00:00

Fuotbalklub Harkemase Boys easket dat de feiligens fan spilers én supporters garandearre wurdt. Oars sil de klub tiisdei net nei Huizen ta om dêr de twadde wedstriid om it kampioenskip fan it sneonsfuotbal te spyljen.

Nei ôfrin fan de wedstriid Harkemase Boys - Quick Boys sneon brutsen der rellen út. 50 oant 70 minsken gongen mei inoar op 'e fûst. Acht minsken rekken ferwûne. Mooglik komme de supporters fan Quick Boys ek nei Huizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)