Grêfskeining yn Balk

© Omrop Fryslân
Likernôch 25 grêven yn Balk binne dit wykein troch ûnbekenden fernield. Der binne stiennen omlutsen en brutsen en der binne fuotstikken fernield. Fierder binne stiennen en krusen út 'e grûn lutsen en fierderop wer delsmiten.
It is bard op it begraafplak oan de Raadhuisstrjitte. In ynwenner fan Balk hat oanjefte dien. De plysje ûndersiket de saak en wol yn kontakt komme mei tsjûgen. It moat bard wêze tusken sneon 18.00 oere en sneintemoarn 07.00 oere.