Gysbert Japicx-feest yn Boalsert

10 maaie 2003 - 00:00

De ferneamde Fryske dichter Gysbert Japicx waard 400 jier lyn berne en dat waard sneontemiddei fierd yn de Martinitsjerke yn syn bertestêd Boalsert. Yn de tsjerke wie fan alles te dwaan. Sa koene bern har ferklaaie, poppekast sjen en har foarlêze litte.

Ek waarden der trije nije útjeften presintearre troch útjouwerij Frysk & Frij: ûnder oare de Gysbert Japicx trilogy fan Piter Terpstra. Freed wurdt it Gysbert Japicx-jier offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)