Konkurrinsje tusken kuiertochten

© Omrop Fryslân
Der wurde hieltyd mear kuiertochten organisearre op kommersjele basis en dat sit oare tochten yn it paad. Dat seit foarsitter Witteveen fan de Himdykrintocht. Dizze tocht wurdt fanút en by Blauhûs rûn.
De Himdyktocht wie de earste grutte kuiertocht dy't nei de Slachtemaraton organisearre waard. Fanwege de grutte populariteit kamen ek oaren op it idee om tochten te organisearjen. By in tal kuiertochten stiet de kommersje foarop.