Bijman iepenet dôvesintrum

10 maaie 2003 - 00:00

Deputearre Piet Bijman hat sneon yn Ljouwert it Frysk Sintrum foar dôven en minsken dy't min hearre iepene. Yn it nije sintrum binne de stifting Frido (foar Fryske dôven) en de Fryske ôfdieling fan 'e Nederlandse Vereniging voor Doven ûnderbrocht.

By it nije dôvesintrum kinne minsken dy't net goed hearre kinne, telâne foar kursussen, ynformaasje en help by swierrichheden. De provinsje hat it sintrum stipe mei 500.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)