Weening bliuwt oan de lieding

10 maaie 2003 - 00:00

Ek nei de fjirde etappe yn de Thüringen Rundfahrt yn Dútslân bliuwt Pieter Weening fan De Harkema de lieder yn it algemien klassemint. De langste etappe oer 175 kilometer waard freed wûn troch de Dútser Christian Knees. Hy wie de rapste fan in kopgroep fan seis man.

Weening kaam yn it peleton oer de einstreek. Dat die ek Marcel Beima fan Hurdegaryp. Beima stiet op it 35ste plak yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)