Nij plein foar jubileum Jorwert

09 maaie 2003 - 00:00

Jorwert krijt in doarpsplein. Dat bart ta eare fan fyftich jier iepenloftspul yn de notaristún. By it jubileum hearre ek in muzykstik en in boek, mei anekdoates oer fyftich jier iepenloftspul.

It plein komt op 'e dyk foar it kafee. Oan it plein komt in byld te stean fan Hanneke Roelofsen, dat tagelyk it ferkear ôfremje moat. It byld stelt in foardrachtskeunstner foar. Auto's moatte dêr aansen hinne ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)