Fierljepper Nijboer stoppet

09 maaie 2003 - 00:00

Topfierljepper Marcel Nijboer hâldt der mei op. De 29-jierrige Nijboer fan Twizelerheide kin de sport net langer kombinearje mei wurk en gesin. Om oan de top te bliuwen moat er tweintich oeren yn 'e wike trene en dat is net mear te dwaan.

Nijboer hat ferskate kearen Frysk en Nederlânsk kampioen fierljeppen west. Ek hie er mei in sprong fan 18 meter 85 in skoft it rekôr yn hannen. Nijboer hat sechtjin jier yn de top fierljept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)