Grinzers meitsje Checkpoint Abe

09 maaie 2003 - 00:00

Fans fan fuotbalklub Grins ha tongersdeitenacht op de A7 in grinspost delset. De post, mei hokje, slachbeam en it wurd 'zoll' op it asfalt, wie bemanne troch Foppe de Haan. Alteast troch in pop, dy't de Hearrenfean-trener ferbylde moast.

Freedtejûn spilet Grins yn it Abe Lenstrastadion tsjin Hearrenfean. Sûnt in tal jierren helje de supporters by de noardlike derby fiten út. Fandêr dit jier Checkpoint Abe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)