Tbs easke foar moard De Marwei

© Omrop Fryslân
Tsjin de man dy't yn jannewaris fan dit jier in meiwurkster fan finzenis De Marwei deastuts, is freedtemoarn allinnich tbs mei twangferpleging easke. Reden dêrfoar is dat de fertochte neffens de psychologyske rapporten folslein ûntarekkenber is.
De 29-jierrige fertochte is ferline jier feroardield ta 1,5 jier sel mei tbs foar in poging ta deaslach op syn heit. Hy siet yn De Marwei, om't der gjin plak foar him wie yn in tbs-klinyk.