Tsjûgen socht fan mishanneling

08 maaie 2003 - 00:00

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling op 'e Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean. In fytser woe in frou ynhelje dy't njonken in invalidekarke fytste. It wie krap, mar hy besocht it dochs en rekke in parkearde auto.

As reaksje dêrop helle de man út nei de frou. Dy sloech werom, wêrtroch't de man syn bril ferlear. Neffens de frou hat de man har gouden ketting pakt. Tsjûgen kinne belje op 0900 - 88 44.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)