Frysk buro foar toerisme nedich

08 maaie 2003 - 00:00

Der moat sa gau mooglik in Frysk buro komme dat him allinne mar dwaande hâldt mei de promoasje fan it toerisme yn Fryslân. Dat seit foarsitter Broersma fan de Recron, de organisaasje fan Fryske rekreaasje-ûndernimmers.

Broersma seit dat yn reaksje op de grutte problemen dêr't it NNBT op dit stuit mei te krijen hat. It kommersjeel buro foar toerisme Friesland Holland yn Wolvegea wol de promoasje fan Fryslân wol oernimme fan it NNBT.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)