Boat skansearret brêgewachthokje

08 maaie 2003 - 00:00

It brêgewippershokje fan de brêge by Spannenburch hat woansdei foar sa'n 45.000 euro skea oprûn. In skip, mei lading foar skipswerf Bylsma op De Lemmer, ramde it brêgehokje dat finaal útskuorde.

De brêge koe noch wol betsjinne wurde, mar fanwege gefaar fan fallende stikken muorre fan it hokje op trochfarrende skippen, waard it skipsferkear stillein oant it hokje stutten wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)