Pieter Weening noch oan kop

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema bliuwt ek nei de twadde etappe yn de Thüringer Rundfahrt de lieder yn it algemien klassemint. Yn de twadde etappe fan Bad Salzungen nei Behringen oer 153 kilometer wûn de Dútser André Greipel de massasprint. De Friezen Marcel Beima en Pieter Weening einigen yn it peloton.
De foarsprong fan Pieter Weening op syn ploechmaten Niels Scheuneman en Joost Posthuma is noch hieltyd 45 sekonden.