Afûk noch net holpen mei jild

07 maaie 2003 - 00:00

De Afûk is noch net holpen mei it jildbedrach dat beskikber steld is foar de ferhuzing út it Fryslânhûs wei. De Afûk, mar ek it Fryske Boek en Keunstwurk moatte út it Fryslânhûs om plak te meitsjen foar de Popakademy.

Neffens Afûk-foarsitter De Haan is jild net genôch, mar moat der ek noch oar ûnderdak fûn wurde. Keunstwurk sil ferhúzje nei de Infirmerie, mar foar de Afûk en It Fryske Boek wurdt noch plak socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)