Untslaggen by VDM-Wonen

06 maaie 2003 - 00:00

By boubedriuw VDM-Wonen yn Drachten ferdwine njoggentjin fan de 164 arbeidsplakken. Dat hat it bedriuw tiisdei bekendmakke. De sanearring is neffens de bouwer nedich fanwege de ekonomysk mindere tiden yn de bou.

De ûntslaggen falle net allinnich op de bou-ôfdieling, ek op de kantoaren en yn it fabryk sels gean arbeidsplakken ferlern. De direksje en de fakbûnen prate noch oer in sosjaal plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)