Plysje oefenet yn Dútslân

06 maaie 2003 - 00:00

De plysje Fryslân docht dizze wike mei oan in ynternasjonale ME-oefening yn Oldenburg yn Dútslân. De korpsen fan Grinslân, Drinte, IJsselland en Twente binne dêr ek mei in ôffurdiging.

Studinten fan de Dútske plysjeskoalle dogge mei as demonstranten. De plysjes oefenje yn Oldenburg op it terrein fan de Fliegenhorstkazerne. Ferskillende gasten út ûnder oaren Kroatië trede op as waarnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)