Wrâldprimeur foar bedriuw Warkum

© Omrop Fryslân
Skipsbouwers Prins en Porsius út Warkum hawwe in wrâldprimeur mei in sylskip fan hout mei it FSC-karmerk. Dat is miljeufreonlik hout. De bou wurdt finansjeel stipe troch de Postcode Loterij yn opdracht fan in stichting dy't him ynset foar behâld fan de bosken op de wrâld. Dat bart troch ferantwurde kappen en nij oanplantsjen.
It hout dat foar it skip brûkt wurdt, komt út de bosken by it Loo, dy't eigendom binne fan Keninginne Beatrix.