Byb yn Drylts bliuwt iepen

05 maaie 2003 - 00:00

De biblioteek yn Drylts bliuwt iepen. Dat hat de gemeente besletten. Wymbritseradiel moat besúnigje. B en W makken lêsten bekend dat de biblioteek ticht gie. Der kaam in soad krityk op dat plan. Ek de gemeenteried gie net akkoart.

De biblioteek bliuwt yn alle gefallen de earste twa jier noch iepen. Yn dy perioade sille gemeente en biblioteekbestjoer om tafel om te sjen nei de takomst fan de festiging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)