Brûns foar turnsters yn Grins

05 maaie 2003 - 00:00

Berber van den Berg út It Hearrenfean hat it goed dien it ôfrûne wykein. De turnster makke diel út fan de ploech út Nederlân dy't oan it achtlannetoernoai yn Grins meidie. Nederlân helle it tredde plak. Van den Berg (15) skoarde boppe de 9 op twa tastellen. Se waard fyfde op de sprong en sande op de balk. Bûnscoach Louter priizge de breedte fan it team.

Rikst Valentijn út Oranjewâld die net mei. Se moat herstelle fan in blessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)