Brânstifter oanhâlden

04 maaie 2003 - 00:00

De plysje hat snein in 30-jierrige ynwenner fan Frjentsjer oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it yn brân stekken fan in blommewinkel oan de Noorderweg yn Ljouwert, sneintemoarn betiid.

De man hie de doar ynsmiten en doe baarnend papier nei binnen smiten. It fjoer is út him sels útgongen, mar de winkel hat in soad reekskea. Doe't de plysje by de blommewinkel oankaam, stie de man noch binnen it stek om de winkel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)