Grutte winst foar Hearrenfean

04 maaie 2003 - 00:00

Hearrenfean hat sneon yn Tilburg in moaie prestaasje delset. De ploech wûn mei 1-5 fan Willem II. De Feansters hiene it maklik om't Willem II der net in soad fan bakte. In oerwinning mei rommere sifers hie ek net misstien.

De wedstryd wie wichtich om't beide ploegen har pleatse wolle foar de Intertoto-kompetysje. Hearrenfean is troch dit resultaat stiigd nei it achtste plak yn de kompetysje, mei likefolle punten as Willem II.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)