Ferkeap Fortuyn-flagge falt ôf

03 maaie 2003 - 00:00

De ferkeap fan de betinkingsflagge foar Pim Fortuyn, dy't makke wurdt by de flaggesintrale yn Dokkum, is definityf gjin sukses wurden. Twa wiken lyn die ek al bliken dat de ferwachte ferkeap fan 50.000 flaggen net helle wurde soe.

Marten Fortuyn, de broer fan Pim, sei sneon dat der no tusken de 5000 en 10.000 ferkocht binne. De famylje wol dat 6 maaie útgroeid ta in jierlikse nasjonale betinkingsdei. Marten Fortuyn is dochs tefreden mei de ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)