Belangstelling foar ADSL Wommels

03 maaie 2003 - 00:00

De inisjatyfnimmers fan de aksje om flugger ynternet yn Wommels mooglik te meitsjen, binne aardich tefreden oer it tal minsken dat oant no ta meidocht.

Mei inoar moatte der 325 húshâldens meidwaan. Dan wol KPN de telefoansintrale fan Wommels ombouwe, sadat minsken in ADSL-oansluting krije kinne. Dêrmei giet it surfen op ynternet folle flugger. Yn twa wiken tiid hawwe har no 100 minsken oanmeld om mei te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)