80-jierrige rint sponsortocht

03 maaie 2003 - 00:00

De 80-jierrige Harm Pranger fan Nijmegen rint op dit stuit troch ús provinsje. By syn kuiertocht fan oer de 700 kilometer troch hiel Nederlân brûkt er in omboude rolstoel. Foar elke kilometer kriget er sponsorjild.

Doel fan de tocht is jild ynsammelje foar de Alzheimerstichting. Prangers frou ferstoar yn maart oan dy sykte. De kommende dagen sil de Nijmegenaar besykje mei syn rolstoel fan Starum nei Lauwerseach te rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)