Muzyk yn haven fan Laaksum

© Omrop Fryslân
It haventsje fan Laaksum is dizze simmer it dekôr fan in bysûndere muzykútfiering. De brassband fan Oentsjerk jout dêr op 20 en 21 juny mei it Noardkoar in grutte foarstelling. Sy sille dêr it stik 'The drunken Sailor' fan komponist Percy Granger opfiere.
De lieding is yn hannen fan Hoite Pruiksma en dirigent Klaas van der Woude. It is de earste kear dat koar en brassband tegearre sa'n grutte útfiering jouwe.