SWH-skûtsje tenei grutter

© Omrop Fryslân
It skûtsje de Súdwesthoeke fan Starum makket dit jier kâns op in plak heech yn it klassemint. Dat sei skipper Meindert de Groot sneon op de iepen dei. Dizze simmer komt Starum út mei in nij skûtsje, boud yn 1924. De Starumers kochten it fan Ulbe Zwaga fan Ljouwert.
It âlde skûtsje wie it lytste skip fan de SKS-float en spile sadwaande gjin rol yn it klassemint. It nije skûtsje is wat langer en hat ek mear seiloerflak.