Tek foar Us Mem

© Omrop Fryslân
Us Mem hat in nij tek krigen. It ferneamde stânbyld fan de ko yn Ljouwert, hat de (tydlike) beskerming net krigen tsjin de kjeld, mar tsjin de graffity. Sawat allle dagen wurdt it byld bespuite.
Fjirtich bern ha op Keninginnedei in tek makke foar it byld. It idee kaam fan de Stichting Promotie Leeuwarden. Dy wol graach dat it byld ferhuzet nei it drokkere sintrum fan Ljouwert, mar dat liket foarearst net helber.