Banen fuort yn ûnderwiis

12 mrt 2012 - 16:18

De stifting foar kristlik fuortset ûnderwiis Súdwest-Fryslân moat de kommende twa jier fyftjin banen skrasse. By de stifting sitte ûnder oare it Bogerman Kolleezje yn Snits en it Marne Kolleezje yn Boalsert.

Neffens foarsitter Kamphuis fan it kolleezje fan bestjoer is it in logyske maatregel om yn te spyljen op ûntjouwings yn de ûnderwiiswrâld, lykas de besunigings fan it Ryk. By de organisaasje wurkje no 550 meiwurkers. Takom jier wurde de plannen útwurke. De skoallen kinne it opfange sûnder twongen ûntslaggen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)