Kamera rjochte op wenkeamer

© Omrop Fryslân
In gesin út Goutum hat in koart pleit oanspand tsjin de oerbuorlju, omdat dy in kamera rjochte ha op har wenkeamer. De famylje De Vries fynt dat der ynbreuk makke wurdt op harren privacy.
Twa oare kamera's binne rjochte op de wenten njonken de famylje De Vries. It giet om bewakingskamera's. De buorman hat neffens De Vries sein dat soks net slim is as immen dochs neat te ferbergjen hat.