Man mei pech nacht op mar

01 maaie 2003 - 00:00

De brânwacht fan De Lemmer hat tongersdeitemoarn in man fan de Grutte Brekken helle dy't dêr al in pear oeren helpleas mei syn boatsje lei. De man wie woansdei it wetter opgien.

Hy krige motorpech en rekke oan leger wâl ûnder Follegea. Om't syn gsm it earst net die, koe er nimmen warskôgje. Pas moarns om 4 oere die de telefoan it wer en koe er it alarmnûmer belje. De man is mei ferskynsels fan ûnderkuolling nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)