Ynspraak ynrjochting Alde Feanen

01 maaie 2003 - 00:00

Foar de ynrjochting fan Nasjonaal Park de Alde Feanen by Earnewâld komme ynsprekdagen. It Nasjonale Park is no noch yn oprjochting en der wurdt oan in behear- en ynrjochtingsplan wurke.

Elk dy't in bydrage leverje wol oan it park, mei oer it plan meiprate. Dat kin moandei oer in wike en de tongersdeis dêrop. As it behearplan klear is, giet it nei de minister fan Natuerbehear. Dy moat it goedkarre. Pas dan is de status fan Nasjonaal Park definityf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)