Skjinmakkers rêde Oranjetroep op

© Omrop Fryslân
De skjinmakkers fan Fryslân Miljeu hawwe tongersdei wer sa'n 4 tûzen kilo troep oprêden yn de Ljouwerter binnenstêd. Sy geane oan it wurk as alle kreamkeaplju nei hûs binne en alle feestfierders de kroegen opsykje om dêr Keninginnedei fierder te fieren.
Tongersdei wiene der alve man de hiele jûn dwaande om alle rommel wer op te rêden. De kosten fan it opromjen, sa'n 3 tûzen euro, binne foar de organisator fan de frijmerk St. Promoasje Ljouwert.