Frou stekt frou dea yn Makkum

01 maaie 2003 - 00:00

By in stekpartij yn Makkum is woansdeitejûn in 41-jierrige frou út dat plak om it libben kaam. It slachtoffer hie spul krigen mei in oare frou, in 34-jierrige ynwenster fan Snits. Dy pakte ynienen in mes en stuts op it slachtoffer yn.

De plysje hat de fertochte oanholden. Sy hat yntusken bekend. De oanlieding foar de stekpartij leit wierskynlik yn de relasjonele sfear. De plysje docht tongersdei fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)